Een stukje historie
Tsjerk Hiddes de Vries
Fan Wikipedy, de frije ensyklopedy.
Tsjerk Hiddes troch W.F. Bloem
Tsjerk Hiddes de Vries, ek wol koartwei Tsjerk of Tjerk Hiddes neamd, (6 augustus 1622 - 6 augustus 1666) wie in Fryske floatfâld en seeheld.
Tsjerk Hiddes is berne yn Seisbierrum as soan fan in boer. Hy begûn by de boargerskipfeart mar soe letter in legindarysk lid fan de Admiraliteit fan Fryslân wurde. Yn 1658 wie hy gesachfierder op it wapene transportskip Judith. Hy moast de float fan Van Wassenaar nei de Sont befeiligje en wylst er dat die makke er trije Sweedske skippen ta bút.
Hy bleau net lang foar de keapfaardij te wurkjen. Op foardracht fan de Fryske Admiraliteit krige hy yn 1665 it befel oer it oarlochsskip d'Elff Steden yn it fjirde eskader fan luitenant-admiraal Auke Stellingwerf. It eskader fear op 24 maaie fan dat jier út om wrake te nimmen op de Britten foar in net oankundige oanfal op weromkommende keapfeardijskippen. Yn de rampsalich ferrûne seeslach foel Tserk Hiddes sa bot op dat hy syn luitenant-admiraal, dy't de slach net oerlibbe, opfolge.
Yn de simmer fan 1666 gie hy op'e nij de striid mei de Britten oan. Syn floatferbân waard yn de foarhoede yndield by de luitenant-admiraal fan Seelân, Cornelis Evertsen. De hiele float stie ûnder befel fan admiraal Michiel Adriaenssoan de Ruyter. De fjouwerdaachske seeslach waard ien mei in glorieuze oerwinning, wêrby Tsjerk Hiddes mei syn flaggeskip Grut Frisia op'e nij útblonk.
Twa moanne letter kaam it wer ta fjochterij mei de Britten, diskear mei foar Tsjerk Hiddes needlottige ôfrin. Hy focht opnij mei in soad moed yn de foarhoede, mar rekke dêrby swier ferwûne. Hy waard by Flissingen oan lân brocht om fersoarge te wurden, mar hy liet dêr op syn bertedei yn 1666 it libben. Fryslân's grutste admiraal is begroeven yn de Grutte Tsjerke yn Harns.
Untfongen fan "http://fy.wikipedia.org/wiki/Tsjerk_Hiddes_de_Vries"